Pyt Paulusma yn Hollywoodfilm

18 sep 2010 - 14:49

In reklamefilmke fan waarman Pyt Paulusma wurdt brûkt yn in grutte Hollywoodfilm. It filmke út 2007 is makke foar in lanlike garaazjeketen. Paulusma stiet by 't winter it waarberjocht te presintearjen by in sebrapaad en wurdt oanriden troch in auto. Doel fan it filmke is te wizen op it belang fan winterbannen.

It filmke sit yn in sêne dêr't haadrolspiler Adrian Brody nei skokkende bylden sjen moat. 'The Experiment' komt nije wike út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)