Piet: Moai neisimmerwaar

27 aug 2014 - 14:27
  • It strân fan Flylân

Waarman Piet Paulusma ferwachtet foar de earste helte fan septimber moai neisimmerwaar. Neffens him soe it yn de earste wiken fan septimber op dagen wol sa'n 25 graden wurde kinne. Wol slút de waarman fan Omrop Fryslân in bui net út. Ek de lêste dagen fan augustus is der noch kâns op buien.

Mei de lange perioade fan simmerwaarmte kinne de simmerklean wol wer út de kast neffens de waarman. Ek tinkt er dat der barbecue- en terraswaar oankomt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)