Pyt: It wurdt in stoarmige en wiete wike

10 jan 2015 - 11:24
  • Piet Paulusma

De hiele kommende wike is it stoarmich waar. Dy foarsizzing die waarman Pyt Paulusma sneontemoarn yn it radioprogramma Op & Ut fan Omrop Fryslân. Oan de kust sil it wynkrêft 9 wêze en mear it lân yn wynkkrêft 8. Boppedat sil der in soad reinwetter falle.

Sneon wurdt it in rekôrwaarme dei mei 12 graden. Normaal is it 4,5 graden. It jier 2014 wie ek al in rekôr wat waarmte oanbelanget. Neffens Paulusma kin de winter ein jannewaris begjin febrewaris noch wol komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)