Pyromaan feroardield ta tbs

24 des 2002 - 00:00

In 27-jierrige Ljouwerter is tiisdei feroardield ta twa jier sel en tbs mei twangferpleging. De man hat seis ridende treinen yn de regio Utert yn brân stutsen. Ek besocht er syn hûs yn brân te stekken. De pyromaan is ek skuldich oan seis bommeldingen.

Neffens de rjochter kin de man fantasij en werklikheid net skiede en is de kâns op werhelling grut. Omtinken foar persoanlike problemen wie it motyf fan de dieder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)