Pynlik ferlies Harkemase Boys

06 okt 2013 - 14:10
  • Harkemase Boys ferspilet winst tsjin NSC

Teloarstelling sneontejûn op sportpark De Bosk, dêr't Harkemase Boys mei 2-1 ûnderút gie tsjin de njoggen man fan Flevo Boys. De Harkiten kamen nei in heal oere op 1-0. Gersinio Constansia fersulvere in strafskop, neidat Johnsen Bacuna yn de 16 meter ûnderút helle wie. Op slach fan rêst moast Flevo Boys mei 10 man fierder nei 2x giel.

Nei rêst wie der opnij read foar de koprinner út Emmeloard. Nettsjinsteande it oerwicht fan de Harkiten wie it Flevo Boys dat skoarde. It waard noch soerder doe't se yn de 86e minút de winnende treffer makken.

Harkemase Boys stiet troch it pynlike ferlies noch altyd op 9 punten út 5 wedstriden, goed foar it sechde plak yn de sneonshaadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)