Pylkje goaie is populêr

10 jan 2002 - 00:00

It Fryske Darts Bûn hat dizze wike in soad leden krigen. Reden is de Embassy, it wrâldkampioenskip darts yn Ingelân. Foaral 'Barney' oftewol Raymond van Barneveld lûkt in soad neifolgers.

Ferline jier melden har noch 60 nije leden oan. Dit jier wurde noch mear ferwachte. Foaral it wiidweidige omtinken op televyzje makket minsken nijsgjirrich om sels pylkjes te goaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)