Pylkinktfisk op it Amelân

01 apr 2008 - 12:19
  • De Amelanner pylkinktfisk (foto Jan van Os)

Op It_Amelân is tiisdei in bysûndere pylkinktfisk oanspield. It bist waard fûn troch strânfandeler Piet Metz. It 71 sintimeter lange bist is fuortendaliks nei it Natuersintrum yn Nes brocht. Dêr krije se wolris faker sokke pylkinktfisken, mar dit eksimplaar is útsûnderlik grut en ek noch hielendal geef.

Faak fine de seefûgels in inktfisk earder en wurdt it bist oanpikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)