PVV:steatejacht nei Düsseldorf

12 feb 2013 - 15:23

Der moat útsocht wurde oft it mooglik is om steatejacht Friso in plakje te jaan op Boot Düsseldorf, jannewaris takom jier. Dat fynt de steatefraksje fan de PVV. It steatejacht leit op dit stuit op boatebeurs Boot Holland yn it WTC Expo yn Ljouwert en dêr komme in soad entûsjaste reaksjes op, seit de PVV.

Fryske ûndernimmers wolle op Boot Düsseldorf in folslein Frysk paviljoen ynrjochtsje. Neffens de fraksje past it steatejacht Friso dêr prima by. It is in goeie manier om Fryslân te promoatsjen en kin dêrmei de Fryske ekonomy stimulearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)