PVV wol yn gemeenterieden

13 mrt 2012 - 15:52
  • Otto van der Galiën fan de PVV

De PVV wol by de kommende gemeenteriedsferkiezings yn 2014 safolle mooglik sitten krije yn Fryske gemeenten. De partij van Geert Wilders is al begûn mei de earste tariedings. Ek hawwe har al minsken meld dy't har wol kandidaat stelle wolle.

De Fryske PVV begjint no al mei de tariedings om kandidaten goed te screenen en loyaal te hâlden. Ek wurdt neitocht oer de tema's dêr't de partij kiezers mei tinkt te lûken. De PVV wol op syn minst yn de gemeenterieden fan Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Noardeast-Fryslân sitten krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)