PVV wol REC stillizze

01 apr 2011 - 14:13

De steatefraksje fan de PVV wol dat it ferbaarnen fan ôffal yn de reststoffe-enerzjysintrale yn Harns fuortendaliks stilset wurdt. De partij is ferbjustere dat de ôffaloven ôfrûne tiisdei yn wurking steld is.

Neffens de PVV ûntbrekke der noch wat fergunningen en mei de oven dêrom hielendal noch net draaie. De partij is bot tsjin op de oven, omdat dy foar tefolle maatskiplike en politike ûnrêst soarget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)