PVV is tsjin Sineeske E-bus

14 sep 2012 - 12:28
  • Johannes Kramer mei Byd op Skier

De steatefraksje fan de PVV wol woansdei yn provinsjale steaten opheldering fan deputearre Kramer ha oer de elektroanyske bussen dy't op Skiermûntseach ride sille. De bussen komme út Sina. De PVV is it dêr net mei iens en fynt dat by de oanbesteging earst nei in Fryske busbouwer sjoen wurde moatte hie.

Boppedat hat de partij der syn twivels oer oft it Sineeske bedriuw BYD de bussen wol op tiid leverje kin en se wol goed ûnderhâlde kin. De PVV fynt ek it kwealik dat it om in bedriuw giet dat stipe fan 'e Sineeske oerheid krijt.

BYD (Build Your Dreams) krige it kontrakt fan de provinsje earder dit jier op basis fan in Europeeske oanbesteging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)