PVV tige kritysk oer SNN

25 mrt 2012 - 15:36
  • PVV

De steatefraksje fan 'e PVV fynt dat te min subsydzjejild fan gearwurkingsferbân SNN nei Fryske projekten giet. Fan de beskikbere 5 miljoen euro giet mar 10 % nei projekten yn Fryslân. De PVV seit hjiroer 'ferbjustere' te wêzen en wol dêrom dat deputearre steaten Samenwerkingsverband Noord-Nederland op it matsje ropt.

It grutste part fan it subsydzjejild komt ten goede oan projekten yn Grinslân. Neffens de PVV wegeret SNN te fertellen hoefolle fan de 26 yntsjinne projekten Fryske projekten binne. De PVV wol graach foar 1 maaie útlis ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)