PVV: 'stap út IPO-oerlis'

27 feb 2013 - 09:30
  • Provinsjehûs Ljouwert

Fryslân moat sa gau mooglik út it IPO, it Ynterprovinsjaal Oerlis, stappe. Dat fynt de steatefraksje fan de PVV. De partij is lulk dat it IPO akkoart gien is mei de Wet Hof en it skatkistbankieren, wylst provinsjale steaten har yn mearderheid tsjin de plannen útsprutsen hie. Neffens de PVV is it IPO net mear de belangebehertiger fan Fryslân. De partij sil dan ek mei in inisjatyffoarstel komme om út it provinsjaal oerlis te stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)