PVV: provinsjale fiskerijdagen

28 aug 2011 - 16:07
  • De haven fan Lauwerseach (foto: Aise van Beets, Omrop Fryslân)

De PVV yn provinsjale steaten fynt dat der provinsjale fiskerijdagen komme moatte. De fiskerijdagen fan Harns soene dêr dan in ûnderdiel fan wêze.

De Noardseefiskerij is fan grut belang foar de wurkgelegenheid yn Fryslân, seit de PVV. It giet om likernôch 1500 arbeidsplakken. De partij wol dat deputearre steaten mei in eigen fiskerijnota komme mei dêryn ek it foarstel foar provinsjale fiskerijdagen. Dy soene dan op ferskate plakken hâlden wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)