PVV-posters bekladde

17 feb 2011 - 19:36
  • It ferkiezingsboerd by de Wetterpoarte yn Snits is bekladde

Op ferskate plakken yn Snits binne ferkiezingsposters fan de PVV bekladde. Sa binne der grutte krusen setten troch de foto fan listlûker Aardema en partijlieder Wilders. It giet nei alle gedachten om in aksje fan de AFA, de Anty-Faksistyske Aksje. Neist it bekladzjen fan de posters binne nammentlik ek nije posters ophongen fan de AFA sels. Derop stiet: "Geef Angst en Haat geen Stem".

De AFA hat yn de ôfrûne wiken al faker aksje fierd tsjin de PVV yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)