PVV: nij kolleezje is skande

15 apr 2011 - 10:21

De steatefraksje fan 'e PVV fynt it nije kolleezje fan deputearre steaten 'in skande foar de demokrasy'.

De partij is ferbjustere dat der nei de ferkiezings fan twa maart eins neat feroaret, útsein dat de ChristenUnie ynruile is foar de FNP. Neffens de PVV bestiet it nije kolleezje folslein út ferliezers. De PVV hat der by de kolleezje-ûnderhannelingen op oantrune dat der twa winners yn it kolleezje komme soene, wêrûnder de PVV sels. Ek fynt de PVV fiif deputearren tefolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)