"PVV moat kleur bekenne"

21 mrt 2014 - 18:51
  • Geert Wilders PVV

De fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Provinsjale Steaten ropt de steateleden fan de Fryske PVV op ôfstân te nimmen fan de útlittings fan Geert Wilders. Neffens PvdA-er Remco van Maurik moatte de PVV'ers no kleur bekenne. Kommende moandei fergaderet de PVV-steatefraksje oer de útspraken fan Wilders oer Marokkanen. Neffens Van Maurik komt der in ein oan de kollegiale gearwurking yn de steaten mei de PVV as se de útspraken fan Wilders net dúdlik ôfwize.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)