PVV: Mear polityk op radio

01 jul 2013 - 20:36

It Frysk Deiblêd, de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân moatte gearwurkje yn in polityk praatprogramma op de radio. De PVV-steatefraksje tsjinnet woansdei in moasje yn as de steaten prate oer de kadernota. De PVV fynt dat in soad wichtige politike beslissingen te min omtinken krije yn de media. Om de kleau tusken boarger en polityk lytser te meitsjen soene Provinsjale Steaten ta de bûse moatte om sa'n programma op de radio te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)