PVV: Konst moat opstappe

21 jan 2013 - 09:47
  • Hans Konst

De PVV-fraksje yn Provinsjale Steaten fynt dat deputearre Konst de eare oan himsels hâlde moat en opstappe moat. De reden is de kwestje oangeande it provinsjale grûnbelied. Dat boadskip sil de PVV no woansdei bringe by it spoeddebat oer it rapport-Berenschot oer dat grûnbelied.

Neffens de PVV hie Konst witte kind en witte moatten dat er de ferantwurdlik deputearre wie foar de grûntransaksjes fan de provinsje. De PVV fynt boppedat dat dêrmei de betrouberens fan de provinsje nei bûten ta skea oprinne kin.

It giet om grûn dy't de provinsje oankeapje moast foar de oanlis fan nije wegen lykas bygelyks de Sintrale As fan Nijegea nei Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)