PVV-fragen oer Fier Fryslân

13 maaie 2013 - 17:47
  • Fier Fryslân

PVV Fryslân wol fan it provinsjebestjoer witte oft Fier Fryslân bemiddele hat by in islamitysk houlik tusken twa minderjierrigen. De Volkskrant kaam moandei mei dat ferhaal. Mocht dat it gefal wêze, dan wol de partij witte wat de provinsje dêrtsjin dwaan sil.

Neffens De Volkskrant waard Fier Fryslân troch de plysje ynskeakele om foar te kommen dat in islamitysk famke út Amsterdam úthoulike waard oan in neef. Dat resultearre úteinlik yn in houlik mei in oare jonge. Fier Fryslân naam moandei al ôfstân fan it artikel yn de krante.

Neffens Fier Fryslân hat de organisaasje nea meiwurke oan in houlik tusken minderjierrigen en sil de organisaasje dat ek nea dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)