PVV en D66 stride foar komst drones nei Ljouwert

03 nov 2015 - 13:46
  • Drone yn de loft

De Twadde Keamerfraksje fan de PVV striidt foar de komst fan militêre drones nei de fleanbasis yn Ljouwert. Ferline wike makke minister Hennis-Plasschaert fan definsje bekend dat de komst fan dizze drones mei sân jier útsteld wurdt oan 2024. Reden dêrfoar binne de kosten fan de fleantúchjes: dy binne te heech neffens de minister.

De PVV pleitet der mei in moasje foar om de militêre drones wol yn 2017 nei Ljouwert te heljen. Ek D66 wol dit. De drones smite 100 ekstra banen op op de fleanbasis yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)