PVV ek tsjin omrop-nijssites

02 nov 2010 - 15:49

De PVV fynt ek dat de publike omrop yn de takomst folle beheinder aktyf wêze moat op ynternet. Se slute har dêrmei oan by de VVD. Dy seine tiisdeitemoarn al dat de nijssites fan de publike omrop op termyn ferdwine moatte.

De omroppen soene neffens har allinnich op radio en televyzje aktyf wêze moatte om't se dêr subsydzje foar krije. Troch dat jild ek te brûken om nijssites te meitsjen, soe der sprake wêze fan ûnearlike konkurrinsje mei oare nijssites.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)