PVV ek by riedsferkiezings

25 jan 2013 - 09:56
  • PVV

De PVV yn Fryslân ûndersiket op dit stuit oft it doel hat om mei te dwaan oan de earstfolgjende riedsferkiezings yn Fryslân. De partij besjocht foar eltse gemeente oft it helber is om genôch kandidaat-riedsleden te finen. De earste petearen mei potinsjele kandidaten binne al fierd.

Kandidaten kinne har op de website fan de PVV Fryslân oanmelde. Yn Ljouwert, Boarnsterhim-Noard en De Fryske Marren binne oan 'e ein fan dit jier al ferkiezings fanwege de gemeentlike weryndieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)