PVV-countrysjonger stimlûker

03 mrt 2011 - 12:30

De Fryske gemeente dêr't de PVV it bêste skoarde by de steateferkiezings wie It Amelân. De pleatslike PVV'er Albert Huizeling hie dêr as skilder en countrysjonger kampanje fierd. De PVV helle op it eilân 12,6% fan 'e stimmen.

De lette ferkiezingsútslach kaam net allinnich troch de hege opkomst fan 60%. De foarsitters fan de stimburo's yn Ljouwert moasten bygelyks it wurk ekstra krekt dwaan en dat kostet tiid. Yn Opsterlân wiene der problemen mei trije stimburo's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)