PVV: boargemastersboykot

19 feb 2011 - 11:36

De PVV fielt him boykotten troch de Fryske boargemasters. Moandei soe Geert Wilders by de ôffaloven yn Harns in symboalyske sjek oerlangje oan boargemaster Paul Scheffer, mar dy wurket net mei. De Harnzer wethâlders wolle net ek.

Doe't it kolleezje fan deputearre steaten net meiwurkje woe, binne de oare boargemasters fan gemeenten dy't oandielhâlder binne fan Omrin útnoege, mar is der gjin ien dy't meiwurkje wol. De PVV neamt dat ûnfatsoenlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)