PVV: 500 miljoen ynvestearje

04 feb 2013 - 09:34
  • PVV

De steatefraksje fan de PVV wol de kommende jierren 500 miljoen euro fan it NUON-jild ynvestearje yn ynfrastruktuer, ynnovaasje, duorsume enerzjy en de digitale sneldyk. De partij tinkt dat dêrmei de Fryske ekonomy en wurkgelegenheid fersterke wurde kin.

De PVV wol foar it útjaan fan de NUON-jilden ien oerkoepeljend ynvestearringsfûns ynstelle. Dêryn moatte gemeenten, maatskiplike organisaasjes en merkpartijen meidwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)