PvhN: nije ferkiezings

28 nov 2008 - 19:01

De Partij voor het Noorden wol dat de Wetterskipsferkiezings oerdien wurde. De partij fynt dat der tefolle saken misgien binne. Boppedat is it de wetterskippen net slagge mear minsken stimme te litten as fjouwer jier lyn. Dat wie wol har útgongspunt.

Neffens de Partij voor het Noorden moatte de Wetterskipsferkiezings krekt as oare ferkiezings mar ien dei duorje. Ek moatte minsken har stim útbringe by in stimburo ynstee fan it skriftlik stimmen fan no.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)