PvdD stelt keamerfragen oer omgong mei pauguozzen

18 des 2015 - 17:54
  • Guozzen

De Partij voor de Dieren hat keamerfragen steld oer de wize wêrop de provinsje Fryslân mei pauguozzen omgean wol. Pauguozzen meie wol sketten wurden, mar je meie der net yn hannelje, neffens Europeeske regels. Dat is al sa sûnt de ynfiering fan it nije provinsjale guozzenbelied yn septimber ferline jier. Sûnt dy tiid besiket de provinsje it Ryk safier te krijen dat der dochs romte komt om yn sketten pauguozzen te hanneljen. 

De Partij voor de Dieren fynt dat soks yn striid is mei de ferplichting de guozzen te beskermjen en sprekt dêr steatssiktaris Van Dam op oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)