PvdD: oandacht katteprobleem

26 feb 2008 - 15:17
  • Kattefrou Jacqueline Claus

De Partij voor de Dieren yn Fryslân freget oandacht foar it oantal katten dat alle dagen achterlitten wurdt.

Oanlieding is de argewaasje tusken de gemeente It Bildt en de kattefrou Jacqueline Claus út Sint Anne. Sy krijt in twangsom en moat binnen 6 wiken foar 62 katten in oar plak fine. Buorlju hawwe klage by de gemeente oer stankoerlêst. Neffens minsken dy't frou Claus helpe wurdt it hûs alle dagen himmele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)