PvdD lulk oer sjitten hert

18 feb 2009 - 19:11

De Partij voor de Dieren fynt dat de minister fan lânbou de Twadde Keamer op 'e nij ferkeard ynformearre hat oer it sjitten fan de edelherten op Skylge.

Tiisdeitejûn is der in drachtich hert deasketten, wylst de minister de jacht fanwege de fakânsje tydlik stilsetten hie. It hert is sketten troch in jager dy't it dier tafallich foar it gewear krige. Neffens de Partij voor de Dieren is it de twadde kear dat de Keamer ferkeard ynformearre is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)