PvdA:effekt swijplicht ûnderskat

29 okt 2001 - 00:00

Fraksjefoarsitters en wethâlders hawwe it effekt om te swijen oer it skeel mei boargemaster Van Maaren ferkeard ynskat. Dat sei fraksjefoarsitter Sybrig Sytsma fan 'e PvdA moandei yn 'e ried.

"Van Maaren funksjonearre oer de hele liny min. Dêrom moast se fuort. It giet hielendal net oer de belestingaffêre", sei Sytsma. "Dat it sa moast is spitich, mar it koe net oars."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)