PvdA: ynfo oer rituele slacht

04 des 2002 - 00:00

Moslims moatte witte wêr't se oan ta binne by it ritueel slachtsjen. Dat fynt de PvdA yn Ljouwert. Amtners witte te min oer de regels foar dizze slacht. Sadwaande witte moslims ek net wat wol en net mei. Yllegale slachtpartijen yn 'e badkeamer meie net mear foarkomme, seit de PvdA.

Foarljochtingsgearkomsten soene al bot helpe. Ek moat der help komme by it sykjen nei gaadlike slachthuzen. It offerfeest is fan 10 oant 13 febrewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)