PvdA: ynfo oer lucht op skoalle

28 nov 2005 - 11:43

De PvdA yn Tytsjerksteradiel wol witte hoe't it sit mei de luchtkwaliteit op basisskoallen. As der noch neat oer bekend is, moat der mar ûndersyk dien wurde yn de gemeente, fynt de partij.

Ut in ûndersyk fan in tal GGD's op oare plakken hat bliken dien dat de luchtkwaliteit op in soad skoallen net goed is. Neffens saakkundigen hat goeie of smoarge lucht grutte ynfloed op de prestaasjes fan de learlingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)