PvdA yn DFM wol webside foar frijwilligers foar flechtlingen

11 feb 2016 - 10:31

Der moat in webside komme foar frijwilligers dy't har ynsette wolle foar flechtlingen. Dêrfoar pleitet de PvdA yn De Fryske Marren. It idee is ynspirearre op de webside wewillenwatdoen.nl dy't him rjochtet op de gemeente Ljouwert en frijwilligerswurk foar flechtlingen.

De PvdA yn De Fryske Marren wol dat it kolleezje soks ek opset yn dizze gemeente. Meikoarten wurde der yn Balk sa'n 500 asylsikers opfong. De PvdA fynt dat de gemeente foar in waarm wolkom soargje moat. In webside kin dêrby helpe, seit de partij.

It is in tagonklike en effektive manier om bewenners te berikken dy't wat dwaan wolle foar flechtlingen, neffens PvdA-wurdfierder Frans Westra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)