PvdA yn de bres foar Iepen Monumintedei

15 sep 2015 - 14:37
  • Iepen Monumintedei yn Frjentsjer

De provinsje moat yngripe om foar te kommen dat de Iepen Monumintedei ferdwynt. Dat fynt de steatefraksje fan de PvdA. It is foar de lanlike organisaasje hieltiid dreger om sponsoaren te finen. Dêrtroch driget neffens de fraksje ek de Fryske monumintedei te ferdwinen.

Mocht it de organisaasje net slagje om nije sponsoaren te finen, dan soe de provinsje finansjeel byspringe moatte. De monumintedei lûkt in soad toeristen en draacht de kultuerhistoarje fan Fryslân oer, sa seit de fraksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)