PvdA yn aksje foar Omrop

18 des 2012 - 20:18
  • Omrop

De steatefraksje fan de PvdA wol Omrop Fryslân stypje om syn aparte posysje te behâlden. Yn de Twadde Keamer sil de PvdA-fraksje in moasje fan it CDA stypje dy't opkomt foar de rjochten en it belang fan de Fryske Omrop. De PvdA Fryslân sil de oare fraksjes yn provinsjale steaten woansdei ek freegje om stipe foar de regionale omrop, om sa in krêftich sinjaal nei Den Haach te stjoeren. Steatssiktaris Sander Dekker wol 25 miljoen euro op de regionale omroppen besunigje en dizze mear yntegrearje mei de lanlike omroppen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)