PvdA wol struktureel minder plysje-ynset by SC Hearrenfean

10 aug 2015 - 14:41

Hearrenfean moat it foarbyld fan Alkmaar folgje en besykje om struktureel folle minder plysje yn te setten by it betelle fuotbal. Dat fynt de Partij van de Arbeid op It Hearrenfean. De PvdA fynt dat de organisaasje dy't de wedstriid organisearret - Sportklup Hearrenfean - besykje moat om sels foar de feilichheid te soargjen.

De PvdA wol fan boargemaster Van der Zwan witte oft hy dat ek sa sjocht. Der komt meikoarten oerlis tusken gemeenten yn Nederlân mei earedivyzjeklups oer it organisearjen fan wedstriden mei gjin of folle minder plysje.

De PvdA fynt dat Hearrenfean hjir aktyf oan meidwaan moat. De partij is der sels fan oertsjûge dat de measte wedstriden fan SC Hearrenfean hiel goed sûnder plysje-ynset spile wurde kinne.

De PvdA is min te sprekken oer de ynsidinten by de supportersdemonstraasje fan ôfrûne freed. By dy demonstraasje tsjin de plysje-aksjes waarden fertsjintwurdigers fan de parse bedrige. De PvdA wol fan boargemaster Van der Zwan witte wêrom't hy hjir net fuortendaliks ôfstân fan nommen hat. Wat de PvdA oanbelanget hie de boargemaster wol hurder yngripe mochten by de demonstraasje fan freed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)