PvdA wol sinnepanielen op bedriuwsgebouwen

12 nov 2014 - 10:17
  • Sinnepanielen

De PvdA yn Fryslân wol sjen of it mooglik is om sinnepanielen te pleatsen op bedriuwsgebouwen. Ek wol de partij sjen of it mooglik is om sinnegreides oan te lizzen. De partij sil dêr woansdei in plan oer presintearje oan Deputearre Steaten.

Neffens Hetty Janssen fan de PvdA kinne ek wenningboukorporaasjes by it opwekken fan duorsume enerzjy belutsen wurde. Hierhuzen kinne dan in rol spylje yn it opwekken fan sinne-enerzjy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)