PvdA wol petear mei Liemburg

21 aug 2007 - 07:28
  • Boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel

De PvdA-riedsfraksje yn Littenseradiel wol noch dizze wike in petear hawwe mei boargemaster Johanneke Liemburg.

Dit is moandeitejûn besletten yn it fraksje-oerlis. Oanlieding is de nota 'in nij begjin', wêryn't B. en W. oanjouwe hoe't it gemeentlik bestjoer yn de takomst wer fierder kin. De PvdA fynt de nota in hiel aardich gebear, mar lit witte dat der neat yn stiet oer de ferhâldings tusken ried en kolleezje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)