PvdA wol mobiliteitssintrum foar V&D-meiwurkers

01 apr 2016 - 13:56
  • V&D yn Ljouwert

Der moat in Frysk mobiliteitssintrum komme om eardere meiwurkers fan V&D en oare fallite winkels te helpen by it finen fan wurk. De PvdA-fraksje fan Ljouwert wol dat it kolleezje hjiroer om tafel giet mei it ministearje fan Sosjale Saken. Dy moat sa'n sintrum betelje. Neffens de partij is it tige wichtich dat de hûnderten minsken dy't de ôfrûne moannen dien krigen hawwe by in winkelketen, sa gau mooglik wer in baan ha.

In mobiliteitssintrum kin dêrby helpe, tinkt de PvdA. De fraksje slút hjirmei oan by de winsk fan fakbûnen FNV en CNV.

Ek brânsjorganisaasje Detailhandel Nederland pleitet foar sa'n sintrum. In mobiliteitssintrum kin minsken ûnder oare helpe mei in kursus sollisitearjen of in oplieding en útfine yn hokker sektor se de grutste kâns hawwe op in nije baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)