PvdA wol mei CDA, GL en FNP

23 mrt 2011 - 19:22

Fraksjefoarsitter Konst wol foar de foarming fan in nije koalysje yn Provinsjale Steaten earst prate mei CDA, Grienlinks en de FNP. Konst syn partij, de PvdA is de grutste partij en neffens him lizze de programma's fan dizze partijen it tichtst byelkoar.

It CDA sjocht dizze gearwurking ek wol sitten, mar sjocht ek dat der noch wol in pear drege ferskilpunten binne. De VVD is bot teloarsteld oer it idee fan de PvdA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)