PvdA wol mantelsoarchwenten

05 nov 2009 - 08:44
  • De PvdA yn Ljouwert wol de komst fan mantelsoarchwenten stimulearje

De riedsfraksje fan de PvdA yn Ljouwert wol dat der yn de gemeente mantelsoarchwenningen komme. De partij wol dat de gemeente it gebrûk fan dizze wenningen stimulearret en dat der in plan fan oanpak foar komt. In mantelsoarchwenning is in kombinaasje fan twa selsstannige húzen dêr't minsken bygelyks foar har sike âlders soargje kinne. De PvdA wol fan it kolleezje witte oft der by de gemeente al oanfragen yntsjinne binne foar sokke wenningen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)