PvdA wol krystbeamme-asyl

15 feb 2011 - 07:45
  • PvdA-gemeenteriedslid Omer Kaya wol in krystbeamme-asyl yn Snits

De fraksje fan de PvdA yn Súdwest-Fryslân wol in krystbeamme-asyl opsette yn de gemeente. Dat is in plak dêr't boargers harren krystbeam mei klute nei de krystdagen plantsje kinne om dy it jier dêrop op 'e nij yn 'e hûs te setten.

Neffens de PvdA is dit in duorsume oplossing. In geskikt plak is neffens de partij it eardere fytscrossterrein yn Makkum of de nij te bouwen wyk Harinxmaland yn Snits. Yn Leiden bestiet al sa'n krystbeamme-asyl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)