PvdA wol huzefersakking oanpakke

07 nov 2006 - 16:49

Der moat sa gau in oplossing komme foar minsken dy't problemen hawwe mei de fundearring yn de omkriten fan Ychtenbrêge. Dy oprop docht PvdA- Twadde-Keamerlid Tichelaar oan Wetterskip Fryslan en de oare belutsen oerheden.

Sawat 450 huzen yn 'e polder binne fersakke troch rot yn de peallen dêr't se op boud binne. It rotsjen fan de houten peallen ûnder de huzen komt troch ferleging fan it wetterpeil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)