PvdA wol gjin grutte winkels

12 mrt 2011 - 10:03

Der moatte gjin grutte winkels of supermerken komme by de Werpsterhoeke by Ljouwert. Dat fynt de riedsfraksje fan de PvdA yn Ljouwert. De partij leit syn stânpunt moandei oan de ried foar, as der praat wurdt oer de plannen foar de ûntwikkeling fan de Werpsterhoeke.

De PvdA hat syn twifels oer de needsaak fan in nij winkelgebiet. En de partij makket him soargen oer de gefolgen dêrfan foar it stedssintrum en de omlizzende doarpen, lykas Grou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)