PvdA wol gauwer help foar minsken dy't dreech oan wurk komme

04 mrt 2016 - 16:55
  • PvdA

Deputearre Steaten moat avesearje om minsken dy't dreech oan it wurk komme, te helpen. Dat fynt de steatefraksje fan de PvdA. Der wurdt op it stuit wurke oan ien pakket fan betingsten dêr't bedriuwen oan foldwaan moatte, wolle se opdrachten krije fan provinsje en gemeenten.

Op dit stuit ha provinsje en gemeenten allegearre ferskillende betingsten. Dat makket it der neffens de steatefraksje fan de PvdA net makliker op. It meitsjen fan ien pakket mei easken is moai, mar it giet derom dat it yn de praktyk brocht wurdt.

En dat sjit noch net op, seit de PvdA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)