PvdA wol dúdlikens oer WIW

12 maaie 2004 - 00:00

De PvdA yn Ljouwert wol dat de gemeente dúdlikens jout oer minsken mei in WIW-baan. Dat is in soart banepool foar minsken dy't oars dreech oan it wurk komme. Fan guon WIW-ers rint it kontrakt dit jier ôf.

De PvdA wol wite oft de gemeente ek maatregels nimt om foar te kommen dat dy minsken weromfalle op de bystân. Neffens steatssekretaris Rutte kin der gjin praat wêze fan twongen ûntslaggen, ek net by tydlike kontrakten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)