PvdA wol debat Suderseespoarline

26 maaie 2004 - 00:00

De PvdA yn de Twadde Keamer wol in spoeddebat oer de oanlis fan de Suderseespoarline. De PvdA krijt stipe fan de LPF. Nei no bekend wurden is, hat it Centraal Plan Bureau yn 2001 de flier oanfage mei twa rapporten oer de spoarline. It CPB folget de konklúzje fan it Nederlands Economisch Instituut.

It NEI fynt dat in spoarferbining tusken de Rânestêd en it Noarden net rendabel is. It CPB wiist ek noch op it negative effekt op it lânskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)