PvdA wol dat provinsje beleanning top Alliander oanpakt

17 aug 2015 - 20:21

De steatefraksje fan de PvdA wol witte wat de provinsje dwaan sil tsjin de beleanning fan de topmannen fan netbehearder Alliander. De heechste baas Peter Molengraaf en syn finansjeel direkteur krije mei in soad omwegen in salaris fan goed 400.000 euro. Neffens de PvdA is dat der fier by troch en moat it bedriuw him hâlde oan de wet.

Dy stelt dat topmannen fan oerheidsbedriuwen net mear fertsjinje meie as in minister. PvdA-steatelid Jansen wol witte wat deputearre De Rouwe der oan dwaan sil om de beleanning te beheinen ta de noarm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)