PvdA wol alkoholpoly

19 mrt 2008 - 14:27

De PvdA-fraksje fan Ljouwert wol in alkoholpoly yn Ljouwert. De fraksje hat noed oer it alkoholgebrûk ûnder jongeren yn de stêd. De previntive maatregels dy't naam binne, ha te min effekt.

Minister Klink wol op ferskate plakken yn it lân sokke poly's opsette. Dêr wurdt jeugd mei in alkoholfergiftiging behannele. Om't Fryske jongeren mear drinke as yn de rest fan Nederlân, komt Ljouwert yn de beneaming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)